Ga naar de inhoud

Ynhâldingsfermogen

Aaien fan einen

Mei de billen ticht tsjinelkaar oan knepen, sit ik oppe stoel. Ik fiel druk, mar ik besykje om it yn te hâlden. Om my hinne sitte allegear minsken, ûnder oare in wykagint. De hiele seal sit fol, want wol 100 minsken binne ôfkaam op de fergadering fan it doarpsbelang. Ik wenje hjir noch net sa lang, ik kin hjir net ien fleane litte. Want at it ien wurdt… dan wurdt it in lûde.

Mar goed, earst even werom nei de middei. Op ús kantoar sit ik honger te lijden. It is al fjouwer oeren lyn dat ik wat iten ha. En ja, Bart is fuort, en ik bin sels te lui west om in supermerke binnen te stappen. Der sit neat oars op, dan dy trije aaien dy’t der noch binne, te sieden en op te iten.

As ik oan ‘e ein fan ‘e middei thús kom, begjint it al. Der sit aardich wat ekstra gas yn myn termkanaal. It rommelt as in gek, dêr achter it laachje fet fan myn búk. Net folle letter sakket it gas en krij ik druk op in wat leger punt. ‘Fffrrrrrrrrt’, dêr gie der al. Ek net sa slim, want ja.. der is net ien by. Dan krijst in bytsje deselde fraach as mei dy beam yn it bosk. At dy falt yn it bosk, en der is net ien by… hat der dan wol lûd makke?

Myn freondinne is der net sa wei fan. At ik krekt nei it iten (woarstje, beantsjes en rjappeltsjes mei knoflooksaus – helpt ek net mei) ús soantsje yn bad doch, bûg ik my foaroar… ‘Ffrrrrt’, dêr floept der wer ien út. ‘Gadver’, seit Suzanne. ‘Ik bin hjir wei’. Tsja, wat kinst der oan dwaan?

At ik ús soantsje even letter ôfdroegen ha, komt myn freondinne mei it fleske. Us soantsje moat op bêd. Tiidens it fuortrinnen: ‘flut, flut, frrrt’. ‘Gadverdamme, no alwer? Do bist ferrotte fan binnen!’

It wurdt allinnich mar slimmer. At ik de vaatwasser oan it ynromjen bin… ‘fffrrrrrrrrrrrrt’, in ûntsettende lange. ‘Poeh, dit is net bêst’, tink ik yn mysels. ‘En dan daliks ek noch dy presintaasje by it doarpsbelang…’ Ik kniip ‘m, letterlik en figuurlik.

Underweis nei it doarpsbelang, lit ik noch in pear sjitte yn ‘e bûtenlucht. Minsken yn ‘e buert kinne wol miene dat de Sonac ferpleatst is. Mar goed, hjir kin it noch, tink ik dan. Daliks, at ik foar in groep fan 100 minsken stie, moat ik kniipe.

Nei de rûnfraach mei ik myn presintaasje dwaan. Oer de nije website fan it doarp. Krekt at begjinne sil… fiel ik ien oankommen. Iederien is stil en wachtet oant ik wat sizze sil. Ik lûk in ferknepen gesicht. Kin ik ‘m hâlde? Kin ik ‘m hâlde? It duorret faaks net lang, mar no liket de tiid stil te stean. Oppakke mei dy ruft. Ik skuodzje in kear goed mei de holle en fuort is der… wer omheechtrokken yn it termkanaal.

De rest fan ‘e jûn kom ik net mear yn ‘e problemen. Al tink ik noch wol in kear oan it ferhaal dat ik okkerdeis lêzen hie. Dêr stie yn, ast sketen ynhâldst dan komt de geur fia dyn longen yn dyn adem teloane. Ik fûn it ek al wat apart dat der in stik as 10 minsken de saal útronnen tiidens myn ferhaal…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *