Ga naar de inhoud

Domme Draken – GoT-praat 2

De ôfrûne ôflevering fan ‘Spul om ‘e Troan’ wie like rêstich as de Swimmer by de Westereen op in prachtige simmerdei. Mar goed, dochs barde der genôch om wer hast in healoere oer fol te praten. Fansels yn ús podcast: ‘GoT-praat’!

Dizkear mei Bart Volbeda, grut fan fan GoT, hat ûnder oare alle boeken lêzen. Eduard Rekker, hat de hiele searje sjoen en freget ‘m noch steeds ôf hoe dat sit mei dy draken… En… spesjale gast Suzanne van Zwam, grut Jaime Lannister-fan en GoT-entûsjasteling.

Wolst gjin **SPOILERS SPOILERS SPOILERS** lês en harkje dan net fierder. Want yn prinsipe fertelle we wat der allegear bart is yn ôflevering fjouwer. Wêr hiene we it oars ek oer ha moatten? Sa prate we oer:

  • Bart wie net ferbaast dat de ien nei lêste draak delsketten waard
  • Eduard kin net fertelle hoefolle boarsten at der te sjen wiene oer hiel GoT
  • Bart hat nijsgjirrige teörieën oer wa’t oppe troan komt
  • Spesjale gast Suzanne is gek fan Jaime (en de scène dat hy ‘seks’ hat mei Brienne)
  • Eduard freget ‘m ôf, wêr wiene de boarsten fan Brienne?
  • Bart fûn Cersei passyf
  • Eduard sil moarntejûn tennisje

Folle plesier!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *