*** TINK DEROM, SPOILERS ***
It gie maksimaal yn ‘e nije ôflevering fan ‘Spul om ‘e Troan’ (S08E3). En fansels, ha Bart en ik it ek besjoen. Hast oardel oere lang giet it der om wei! En fansels ha wy der wat fragen by, mar ja, wa net? Wy besprekke dit graach mei elkoar, en mei jim fansels. Want hoe komt it no yn de lêste trije ôfleveringen?
Yn ‘e podcast sitte fansels spoilers. Dus.. hast it noch net sjoen, doch dat sa rap mooglik.